GameFrysk
boartsje mei de Fryske taal

Allerhande games

GameFrysk hat in ferskaat oan games, fan snelle koarte spultsjes oant útspraakferbettering

GameFrysk app

De GameFrysk app hat in ferskaat oan lytse taalspultsjes dy’t foar elk aardich binne om te spiljen. Fan in wurdsiker en galchje oant in typfleantúch.

Meunstertún

Wurdt direkteur yn dyn eigen Meunstertún. Hâldt dyn meunsters en besiker tefreden troch se goed te fersoargjen.

Brief foar de Kening

Showcase your team, products, clients, about info, testimonials, latest posts from the blog, contact form, additional calls to action. Everything translation ready.

Oer gamefrysk

Frysk leare mei games is hiel leuk!

GameFrysk hat as doel om Frysk op in aardige manier te learen. Troch it spyljen fan taalspultsjes learst de taal op in oare manier. De app GameFrysk hat in oantal spultsje foar it ferbetterjen fan de wurdskat en it wurdbyld. Mei Typfleantúchje leart de spiler om wurden op de goede wize te staverjen. En by de Wurdslang moatte spilers wurden meitsje dy’t begjinne mei de einletter fan it foarige wurd.

Meunstertún
Hasto dyn Meunsters al goed fersoarge? Se wolle op ‘e tiid lêze, boartsje, ite en drinke. Soargje der foar datsto se tefreden hâldst, oars nimt de Meunsterbeskerming ien fan dyn Meunsters yn beslach. Lear troch dyn Meunster goed te fersoargje op in boartsjende wize wurden, stavering en grammatika fan it Frysk. .

Brief foar de Kening
As adjudant fan de Kening moatsto der foar soargje dat de ynformaasje goed trochjûn wurdt oan de Kening. Do moatst de binnen kommen brieven goed foarlêze sadat dyn Kening se beoardiele kin en syn ryk útwreidzje kin. Yn dizze game is in korrekte útspraak wichtich. Hoe better as dyn útspraak is, hoe meer punten asto skoarst.

It lêste nijs

Kontakt

Wolst mear witte of hasto in suggestje foar ús