Parseberjocht / Persbericht

GameFrysk mei seis Fryske taalspultsjes

 

Hoe skriuwst ‘overleven’ yn it Frysk en hoe sit it krekt mei de stavering fan ‘presintaasje’?
Mei de app ‘GameFrysk’ learst fan alles oer it skriuwen fan de Fryske taal. De seis nije spultsjes mei nammen as ‘letterbrij’, ‘austronautegalchje’ en ‘wurdkrûper’ binne makke foar bern fan groep 7 en âlder en ek hiel geskikt foar folwoeksenen. De ûntwikkeling fan de app is in gearwurking tusken Grendel Games en de Afûk yn opdracht fan de provinsje Fryslân. GameFrysk fergruttet it wurdbyld, de taalskat en de stavering fan de Fryske taal, mar is fansels foaral hiel leuk om te dwaan!

 

Deputearre Jannewietske de Vries sil de app GameFrysk dellade op de Wiardaskoalle yn Goutum. De app sil har oanbean wurde troch Jelmer Walsweer út groep 7. Hy wûn ferline jier de twadde priis mei syn idee foar de wedstriid ‘De Fryske taalspultsjes-app’. Syn spultsje “Wurdkrûper” sit no yn de app.

 

GameFrysk kin fergees delladen wurde út de App Store & Play Store en is sawol geskikt foar Android en iPhones as foar iPads en tablets.

 


 

GameFrysk met zes Friese taalspelletjes

 

Hoe schrijf je ‘overleven’ in het Fries en hoe zit het nu precies met de spelling van ‘presintaasje’?
Met de app GameFrysk leer je van alles over het schrijven van de Friese taal. De zes nieuwe spelletjes met namen als ‘letterbrij’, ‘astronautegalchje’ en ‘wurdkrûper’ zijn gemaakt voor kinderen uit groep 7 en ouder en ook heel geschikt voor volwassenen. De ontwikkeling van de app is een samenwerking tussen Grendel Games en de Afûk in opdracht van de provincie Fryslân.
GameFrysk bevordert het woordbeeld, de taalschat en de Friese taal, maar is natuurlijk vooral heel leuk om te doen!

 

Gedeputeerde Jannewietske de Vries zal de app GameFrysk downloaden op de Wiardaskoalle in Goutum. De app zal haar worden aangeboden door Jelmer Walsweer uit groep 7. Hij won vorig jaar de tweede prijs met zijn idee voor de wedstrijd voor de leukste Friese taalspelletjes-app. Zijn spelletje ‘Wurdkrûper’ is nu onderdeel van de app.

 

GeamFrysk is gratis down te loaden uit de App Store & Play Store en is zowel geschikt voor Android en iPhones als ook voor iPads en tablets.