21 april 2016 – Presintaasje twa nije Fryske taalapps!

Tongersdei 21 april fan 11.00 – 13.30 oere is de presintaasje fan twa gloednije, leuke Fryske apps
én oanslutend in ynfosessy oer Frysk edukatyf lesmateriaal yn de Haak / Stenden Hogeschool.

Nei in waarme ûntfangst sil Tsjek-TV V.I.P. Raynaud Ritsma de presintaasje iepenje.

Dêrnei sil deputearre Sietske Poepjes de allernijste games yn gebrûk nimme:
Meunstertún foar de bern út groep 5-8 en Brief foar de Kening foar (jong)folwoeksenen: spultsjes mei unike tapassingen dy ’tst noch net earder sjoen hast.

Mar Fryslân sit net stil! Der is in protte nij edukatyf materiaal foar it ûnderwiis ûntwikkele.
Mei feart, ûnder oaren mei filmkes en pecha kucha’s, komme Spoar 8, Searje 36, LinKk en Taalreis foarby.
Studinten en dosinten fertelle wêrom en hoe’t sy mei dat materiaal op skoalle wurkje.
En dat allegearre om oaren ek sa entûsjast te meitsjen foar de oplieding Frysk!

Nei ôfrin kin alle ynformaasje sammele wurde yn in goodiebag en kin elkenien him/har live (!) oriïntearje op … in karriêre yn it Frysk?

Reservearje datum en tiid alfêst yn ’e aginda!